Rixt van der Horst op poadium Paralympyske seleksjewedstriid

20 maaie 2016 - 15:33

Paralympysk amazône Rixt van der Horst fan Grou hat freed goed presteard op de earste seleksjewedstriid foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. By de wedstriid yn Roosendaal helle de Grouster twa kear it earepoadium mei har hynders Uniek en Caraat. Ien kear kaam se op it twadde plak, en ien kear op it tredde plak.

De seleksjewedstriid duorret noch oant snein, en der komme ruters en amazônes út ferskate lannen yn aksje. Op it programma steane ûnder oare noch yndividuele en freestyle wedstriden.

De bûnscoach sil de wedstriid yn Roosendaal brûke om te sjen hoe fier oft de kandidaten binne yn harren tarieding foar de Spelen. Op snein 17 july wurdt definityf bekend makke hokker amazônes, ruters en hynders Nederlân fertsjintwurdigje meie yn Rio de Janeiro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)