FNP wol dat tsjinstferlieningsloket Grou langer iepen giet

20 maaie 2016 - 13:44

De fraksje fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat it tsjinstferlieningsloket yn Grou faker iepen giet. De partij freget oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders as it loket bygelyks ek iepen kin op tiisdeitemoarn.

It is no trije kear yn de wike iepen, op tiisdei en woansdei fan 13.30 oant 17.00 oere en op tongersdei fan 13.30 oant 19.30 oere. By de weryndieling is ôfpraat dat it tsjinstferlieningsloket yn alle gefallen oant 2018 iepen bliuwt.

De FNP wol witte as it kolleezje ree is om it loket ek dêrnei iepen te hâlden. Neffens de partij binne der no klachten oer de beheinde iepeningstiden, lange wachttiden en in beheinde oanbod fan produkten en tsjinsten. De fraksje wol dêrom witte oft dit oanbod ek útwreide wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)