VVD-kongres set útein yn WTC-Expo yn Ljouwert

It lanlik VVD-kongres fynt freed en sneon plak yn it WTC yn Ljouwert. Alle partijkopstikken binne derby, ûnder wa minister-presidint Mark Rutte en fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra. De VVD'ers prate ûnder oaren oer de partijstruktuer en oer wurkgelegenheid.
Premier Rutte hâldt freedtejûn in taspraak. Sneon stiet de algemiene ledegearkomste op it programma. Dan is der ek in Frysk healoerke, dat stiet yn it teken fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Oan de ein fan de dei hâldt Halbe Zijlstra in taspraak.
Der wurde 800 oant tûzen minsken ferwachte op it VVD-kongres.