Suver Nuver striidt foar legalisaasje medisinale kannabis

De Fryske stifting Suver Nuver stribbet dernei it gebrûk fan kannabis foar medisinaal gebrûk te legalisearjen yn Fryslân. De stifting hat mei Ljouwert, Zwolle en Grins no trije fêstigings. Mei mear as 1000 leden en 2000 bestellers fan de kannabis binne se yn sân moannen tiid eksplosyf groeid.
Minsken mei de sykte fan Crohn, epilepsy, MS of kanker soenen baat hawwe kinne by it noch yllegale middel. Leden krije de 'weeddrippels' fergees thússtjoerd. Wol wurdt frege om in frijwillige donaasje.
Provosearjen
By de iepening fan de Social Club, it 'kluphûs' fan Suver Nuver, yn Ljouwert seinen de inisjatyfnimmers benammen provosearje te wollen troch de "positive kanten fan de kannabis te beljochtsjen en de neidielen fan it ferbod derop".
In petear mei boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert hat Suver Nuver lykwols noch gjin fergunning opsmiten. Dochs hat Crone yn it petear neffens de organisaasje tasein syn bêst dwaan te wollen foar it inisjatyf.
Op resept
Yn ús lân is medisinale kannabis om te smoken allinnich op resept te ferkrijen, der binne strange regels en faak wurdt it net fergoede troch de soarchfersekerder.