Goed 600 lêzers dogge mei oan de Fryske Foarlêswike

20 maaie 2016 - 11:41

Goed 600 minsken lêze yn de Fryske Foarlêswike fan 6 oant en mei 10 juny foar oan sa'n 12.000 pjutten yn de provinsje. Der wurdt foarlêzen út in Tomke-boekje. it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse organisearret de Fryske Foarlêswike yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Neist pakes, beppes, heiten en memmen docht ek in tal ferneamde Friezen mei oan de Fryske foarlêswike. Sa lêst boargemaster Waanders fan Dongeradiel foar op pjutteboartersplak Madelief yn Dokkum en Tryater-akteur Theo Smedes op de Bistebus yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)