Wurk oan stasjonsgebiet Ljouwert set útein

De werynrjochting fan it stasjonsgebiet yn Ljouwert set dizze dagen útein. De gemeente Ljouwert hat yn ferbân mei de wurksumheden alle fytsen dy't der noch stiene tongersdei fuorthelle en oerbrocht nei in depot by de Estafette op de Skinkeskâns.
Sa'n 200 fytsen stiene noch op it stasjon, wylst der wol al langer warskôge wie dat se fuorthelle wurde soene. Ek oare obstakels sille de kommende tiid fuorthelle wurde. Sneon sil de dyk foar it stasjon tusken 17 en 22 oere stremd wêze, en op snein 29 maaie noch in kear.
Nei de metamorfoaze is der folle mear romte foar fuotgongers en fytsers. Ek wurdt de fontein yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 dan oanlein. 1 augustus moat de werynrjochting klear wêze.