Kollum: "Bore-outsjes"

20 maaie 2016 - 08:29

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"De wizers fan de klok gongen sá dreech. Ik woe se wol foarút blaze. In minútsje duorre in oere. Dan mar opstean en in rûntsje rinne. Of automatekofje helje. Foar de hûndertste kear.

Hast tsien jier lyn begûn ik by it Nederlânsk parseburo as freelancer. Ik begûn yn de nachttsjinst. Dat fûn ik heftich, want ik koe min sliepe oerdei. Mar it wie in manier om as begjinnend sjoernalist yn it bedriuw binnen te kommen, en dat is wat ik graach woe.

Ik dreamde derfan om dêr it echte fak te learen: op nijs út, de feiten tsjekke, op de deadline wurkje, it nijs selektearje en sjoernalistike grinzen ferkenne. Myn plan wurke. Ik soe letter trochstreame as redakteur en wér letter myn eigen portefúlje ha. Mar earst wie ik dus noch oan de nacht oerlibje.

Nachts bart der net sa folle yn ús lân. Gelokkich mar. Dus wie it wachtsjen op nijs. Mar ik hâld net fan wachtsjen. Ik woe oan de slach! Dan belle ik bliid nei in brânwachtkorps omdat er earne in brân wie, mar dan sei de wurdfierder: "het sein brand meester is net gegeven." Wer gjin nijs. Wachtsjen waard in tamtaasje.

Ik makke mei mysels de ôfspraak: ik soe hjirnei nea wer in baan ha dêr't minuten oeren duorje. Dan mar wurkje ûnder nivo of oar wurk dwaan. It rûn goed ôf, ik mocht al gau wat oars dwaan. Wist ik folle dat ik doe oan in heuse oandwaning lijde: in bore-out. Dan lije je oan ferfeling.

In Frânsman fan 44 jier easket sels in skeafergoeding fan syn wurkjouwer fanwegen sa'n bore-out. Hy fynt dat syn baas skuldich is oan syn depresje as gefolch fan in gebrek oan prikkelingen, ôfwikseling, foldwaning en enerzjy. Hy wie manager, mar it bedriuw ûntnaam him alle ferantwurdlikheid. Hy skamme him foar it dikke salaris dat er krige foar neatdwaan. Hy waard siik en krige dêrnei ûntslach. No wol er 360.000 euro fergoeding ha.

Dizze Frânsman is net de iennichste. Neffens in Switsersk ûndersyk rint mar leafst 15 prosint fan de wurknimmers mei in bore-out rûn. No fyn ik it eins wol in bytsje ferwend, earlik sein. Safolle minsken soene o sa graach in baan ha wolle, en dan sitte der blykber in hiele protte minsken te fegetearjen op kosten fan de baas.

En dan binne der noch in hiel soad minsken dy't júst lije oan in burn-out. Kin dy burn-outsjes net wat taken út hannen jaan oan de bore-outsjes? Is it oplost. En kin dy wurkjouwers dan ek wat better oplette? As je in bedriuw ha mei ûngelokkige wurknimmers, de iene helte burn-out en de oare helte bore-out, dan giet der miskien wat net hielendal goed. Je minsken binne je kapitaal, dus soargje foar se as wiene se lytse poppen.

Ek in tip foar it hjoeddeistige ANP, mar dat fansiden. En in tip foar bore-outs: wurd selsstannige. Ferfeelt noait. Foardat ik einlik oan myn administraasje ta bin, hat Wiebes de wet ynienen feroare. Moat ik it wer opnij ynrjochtsje. En sa kin ik noch wol in triljard putsjes neame. Ik sjoch noait mear op de klok om te konstatearjen dat er noch hieltyd gjin minút foarby is, mar om te konstatearjen dat er alwer hiele oeren fuortsjitten binne. Je ha altyd wat te dwaan. Beloofd."

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)