Fryske bern bewege temin

© ANP
Bern yn Nederlân binne de lêste 25 jier minder fit wurden. Dat jildt ek foar Fryske bern. Tefolle stilsitte en temin bewege spylje dêrby in grutte rol.
Ut ûndersyk fan Sport Fryslân blykt dat yn ús provinsje 38.500 bern (fan de 85.500) tusken de 4 en 12 jier eltse dei in oere bewege. De jonges bewege faker eltse dei as de famkes. In oere per dei bewege is de noarm om fit te bliuwen. In protte bern dy't de noarm net helje hawwe te krijen mei oergewicht.
Sport Fryslân jout advys oan de Fryske bern: 
* Rochtsje wiken en doarpen yn op in wize dat bewege stimulearre wurdt. Soargje foar foldwaande boartersplakken en kuier- en fytspaden. Bringe troch heit of mem mei de auto hoecht dan net mear.
* By de sportferiening moat in feilige sportomjouwing wêze mei goede trainers en begelieders.
* It Jeugdsportfonds Friesland kin helpe as bern om finansjele redenen gjin lid wurde kin fan in sportferiening.
* Soargje dat de gymnastyklessen op skoalle optimaal brûkt wurde. Ek yn it skoft is it tiid foar bewege.
Buertsportcoaches binne ûnmisber. Sa'n coach wit it paad yn de gemeente, kin mei de bern de goede sportkar meitsje en soarget derfoar dat bern wille hawwe yn de sport.