Ried foar Kultuer: Oerol soe mear jild hawwe moatte

19 maaie 2016 - 16:42

It Oerolfestival op Skylge moat werom yn de basisynfrastruktuer foar kulturele ynstellingen. Dat advys jout de Raad voor Cultuur oan minister Bussemaker. Yn de basislist sitte de belangrykste Nederlânske kulturele ynstellingen.

As de minister it advys oernimt, krijt Oerol in heal miljoen euro subsydzje. Dêrmei komt it festival werom op it nivo fan fjouwer jier lyn, wat stipe fan it ryk oanbelanget. De organisaasje fan Oerol is wiis mei it advys, want mei de rykssubsydzje kin der einliks wer ynvestearre wurde.

Dat koe de ôfrûne jierren net, omdat it ryk flink besunige hat op kultuer.

Trefwurden: 
Oerol Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)