Doarpskorporaasje Jirnsum hat 25 âldereinhúskes

19 maaie 2016 - 15:57

Yn Jirnsum wurde ein maaie 25 âldereinhúskes oerdroegen oan de Vereniging Doarpskorporaasje Jirnsum. De húskes wiene fan wenningkorporaasje Elkien, mar dy woe se slope. Doarpsbewenners wiene der poer op tsjin, omdat der al sa'n bytsje hierhuzen binne foar minsken mei in smelle beurs. De doarpskorporaasje is fan plan om alle húskes op te knappen. De oername is mooglik makke mei help fan ûnder oare de provinsje, de gemeente Ljouwert en Doarpswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)