Keninklik Eise Eisinga Planetarium iepene

19 maaie 2016 - 15:11

Yn Frjentsjer is tongersdeitemiddei it fernijde Eise Eisinga Planetarium iepene. It museum hat it gebou dernjonken oankocht, sadat der flink útwreide wurde koe. It planetarium lûkt alle jierren tsientûzenen besikers, mar dat waard hieltiten lestiger yn it krappe wenhûs dêr't Eise Eisinga dik twahûndert jier lyn syn planetarium makke.

Mei in nije yntree en ûntfangstromte is dat probleem oplost. It planetarium hat ek in nije edukative ynteraktive tentoanstellingsromte en in filmseal krigen.

Wittenskipssjoernalist Govert Schilling iepene de nijbou tongersdeitemiddei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)