WoonFriesland ferkeapet ferpleech- en fersoargingshuzen

19 maaie 2016 - 14:53

Wenningkorporaasje WoonFriesland ferkeapet syn ferpleech- en fersoargingshuzen yn alve Fryske gemeenten. Dy wurde yn ien kear ferkocht oan in partij dy't de ferhier oernimt. De hierkontrakten rinne dêrmei gewoan troch.

Mei help fan de opbringst fan de ferkeap, wol WoonFriesland de kommende jierren 75 prosint fan syn wenningbesit renovearje en duorsum meitsje. It giet mei elkoar om 15.000 wenningen. Ek wurdt der mooglik nij boud.

WoonFriesland kiest der hjirmei foar om him mear te rjochtsjen op syn kearntaak, nammentlik it ferhieren fan betelbere wenten oan minsken mei in smelle beurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)