Alve Sisa-lokaasjes slute de doarren

19 maaie 2016 - 14:28

Alve opfanglokaasjes fan de fallite berne-opfangorganisaasje Sisa gean ticht. It giet om fiif lokaasjes yn de gemeente Súdwest-Fryslân, wêrûnder Humpy Dumpy yn Snits. Fierder slute trije opfanglokaasjes yn de gemeente Menameradiel, wêrfan twa yn Dronryp. Ek ferdwynt de pjutte-opfang yn Nij Altena, Hijum en Spannum.

Yn guon gefallen sieten der temin bern yn de opfang en dat like ek net te feroarjen. Der binne ek plakken dêr't skoallen tichtgean of dêr't de gebouwen fan in kollega opfang binne dy't de romte net mear ferhiere wol oan Kids First.

Op 26 april is it fallisemint oer Sisa útsprutsen. It Grinslanner Kids First nimt mei yngong fan juny de measte lokaasjes en it grutste part fan it personiel oer. Foarsitter Ben Schnieders fan de ried fan bestjoer tinkt dat 85 oant 90 prosint fan de meiwurkers mei kin yn de trochstart. Foar de lokaasjes dy't ticht gean, binne alternativen fûn. Der wurdt besocht alle lokaasjes oant en mei 16 juli iepen te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)