Marrit Steenbergen op EK yn estafettefinale 4x200 meter frij

Marrit Steenbergen (argyffoto) © awfoto.nl
Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat mei de estafettefroulju op it EK yn Londen de finale helle fan de 4x200 meter frije slach. De fjouwer kwalifisearren har as tredde, nei Spanje en Hongarije. Esmee Vermeulen liet de rapste tiid noteare, Marrit Steenbergen de tredde tiid.
Nederlân swimt yn de finale tsjin Spanje, Hongarije, Grut-Brittannië, Slovenië, Sweden en België.