Gemeente makket it stasjonsplein fan Ljouwert 'fytsfrij'

De earste twa fytserekken binne leech © Twitter Toezicht Leeuwarden
De plysje hat tongersdei foar it NS-stasjon yn Ljouwert 83 fytsen fuorthelle. Dat barde yn ferbân mei de wurksumheden yn it stasjonsgebiet. Fia sosiale media wiene minsken al oproppen om de fyts der net mear del te setten, mar der stiene dochs noch fytsen. Minsken kinne har fyts fergees ophelje by de Algemene Fiets Afhaal Centrale yn Ljouwert.
It stasjonsgebiet wurdt opnij ynrjochtte. Dat bestjut ûnder oare in ûndergrûnske fytsestalling en mear grien, om it gebiet in mear parkachtige útstrieling te jaan.