"Keukentafelpetearen hoege net oerdien te wurden"

Skjinmeitsje
Fryske gemeenten ferwachtsje net dat se de 'keukentafelpetearen' oerdwaan moatte. Dy petearen wiene mei de minsken dy't oanwiisd binne op húshâldlike help út de WMO. De Centrale Raad van Beroep stelde woansdei dat gemeenten maatwurk leverje moatte en net sizze meie dat der net genôch jild beskikber is.
Wethâlder Wietze Kooistra fan de gemeente Opsterlân is binnen de Feriening Fryske Gemeenten ferantwurdlik foar de WMO. Hy stelt dat yn Fryslân al in soad maatwurk levere wurdt en dat jild dêrby net in grutte rol spilet.