Strân fan Koarnwertersân opknapt mei sân út Makkum

19 maaie 2016 - 13:42

It strantsje by Koarnwertersân wurdt opknapt. Troch sânôfslach is it strantsje neffens de gemeente Súdwest-Fryslân net mear oantreklik foar besikers. It sân dat brûkt wurdt foar it strân, komt út de fargeul by Makkum. Dy wurdt op it stuit útdjippe.

Oant ein maaie wurdt alle dagen 1000 kúb op skippen nei Koarnwertersân brocht. De wurksumheden duorje oant heal juny.

Trefwurden: 
strân Koarnwertersân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)