Cambuur slút kontrakt mei Noureddine Boutzamar

19 maaie 2016 - 11:56

Cambuur hat tongersdei in kontrakt mei in nije spiler tekene. It giet om de 22-jierrige middenfjilder Noureddine Boutzamar. Hy hat foar twa jier tekene by Cambuur, mei in opsje foar noch in seizoen.

Boutzamar komt út de kombinearre jeugdoplieding fan Cambuur en FC Grins, en mocht yn de lêste kompetysjewedstryd al meidwaan mei it earste. Neffens technysk direkteur Van der Vegt is Boutzamar in sierlike fuotballer mei kriich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)