Alma Tadema tentoanstelling giet Europa yn

It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866) © Fries Museum
De tentoanstelling oer Alma Tadema dy't fan 1 oktober ôf yn it Fries Museum te sjen is, giet dêrnei Europa yn. De eksposysje oer de 19-iuwske skilder giet dan nei de ferneamde Eastenrykse galery Belvedere yn Wenen en dêrnei nei it Leighton House Museum yn Londen, dêr't Sir Lawrence Alma Tadema syn grutste ynternasjonale sukses belibbe.
Alma Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp en waard foaral ferneamd yn Amearika en Ingelân. It Fries Museum hat de grutste kolleksje fan Nederlân fan de keunstner.