Friezen meie meiprate oer takomst wenomjouwing

De provinsje Fryslân sil de kommende moannen mei ynwenners prate oer de takomst fan harren wenomjouwing. Dat bart ûnder oare yn popup-stores, tydlike winkels, yn de provinsje. Dy komme likernôch in wike yn ferskate plakken. Der wurdt ek fia de sosjale media mei de Fryske mienskip kommunisearre.
Alle ideeën en fyzjes wurde sammele en evaluearre. Dêr makket de provinsje in Omgevingsvisie fan. Dy foarmet de basis fan de nije Omgevingswet yn 2019.