Arsjitekt Jelle de Jong nominearre foar 'Beste Gebouw"

19 maaie 2016 - 06:58

De ferbou fan it tsjerkje fan it Grinzer Winsum troch arsjitekteburo Jelle de Jong fan De Lemmer is nominearre as Beste Gebouw fan 2016. It leechsteande tsjerkje Klein Wetsinge is restaurearre en ferboud ta restaurant.

By de ûntwikkeling fan it plan stie neist it ynstân hâlden fan it ryksmonumint benammen de wikselwurking mei it doarp en it lânskip foarop. En dat is dus goed slagge, want it projekt is út de yn totaal 125 ynstjoerings oan de ferkiezing nominearre foar in priis.

It gebou waard net mear brûkt foar tsjerketsjinsten, mar hat no wer in maatskiplike funksje as sosjaal-kultureel moetingsplak. Yn Amsterdam wurdt tongersdeitemiddei dúdlik oft Jelle de Jong ek echt yn de prizen fallen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)