Kaartferkeap Oerol pas dei letter echt los fanwege steuring

18 maaie 2016 - 21:41

De start fan de online ferkeap fan Oerolkaarten is woansdeitejûn troffen troch in grutte steuring. Troch technyske problemen koene der gjin kaarten besteld wurde. 

De ferkeap foar de Freonen fan Oerol soe om acht oere begjinne. Al gau waard dúdlik dat der gjin kaarten kocht wurde koenen. Om healwei tsienen waard bekend makke dat de steuring foarby wie. Mar eefkes letter waard de ferkeap dochs wer stillein, Belangstellenden moatte no oant tongersdeitejûn acht oere wachtsje foardat de ferkeap wer los giet.

Trefwurden: 
Oerol kaartferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)