Cambuur: "Net fertsjinne en bizarre timing"

18 maaie 2016 - 21:05

De Cambuurdireksje seit dat de klup it sportyf sjoen net fertsjinnet om takom jier yn de earedifyzje út te kommen. Dat is de reaksje fan de klup op de ferplichte degradaasje fan FC Twente nei de Jupiler League.

Cambuur lit fierders witte dat se ferrast binne troch de bizarre timing fan de KNVB om it no bekend te meitsjen. Krekt op it momint dat de neikompetysje foar promoasje/degradaasje yn folle gong is. It beslút fan it fuotbalbûn soe fan ynfloed wêze kinne op de finales fan de play-offs, sa lit de Ljouwerter klup witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)