Cambuursupporters: "Hiel ferfelend foar Twentesupporters"

18 maaie 2016 - 20:47

De Cambuursupporters fan de Kern van Cambuur fine it tige ferfelend foar kollega-supporters fan FC Twente. Dat is de earste reaksje op it beslút fan de KNVB om FC Twente werom te setten nei de Jupiler League. Dêrtroch hat Cambuur dochs wer in kâns om yn de earedifyzje te bliuwen. Mar dat is mar ôfwachtsjen, seit foarsitter Kees Elzinga fan de Kern van Cambuur.

Elzinga is net goed te sprekken oer it lette momint dat de KNVB mei it beslút komt. De neikompetysje is al oan 'e gong.

Elzinga fertrout derop dat beide earedifyzjeklups Willem II en De Graafschap harren sportive plicht dwaan sille, ek al stiet der near mear op it spul. Se binne dochs al wis fan it plak yn de earedifyzje. De ûnwissens fan de situaasje makket it foar Cambuur dreech om him ta te rieden op it nije seizoen. As de degradaasje tebekdraaid wurdt, binne de supporters dêr bliid mei. Ek al is it plak yn de earedifyzje dan wol fia de achterdoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)