Gemeenten wolle witte wat ferfolchstappen Caparis binne

18 maaie 2016 - 18:49

De acht Fryske oandielhâldende gemeenten wolle fan de direksje en de ried fan kommissarissen fan Caparis witte wat se dogge mei de útspraak fan de rjochter yn in saak oer Caparis. Wethâlder Sjoerd Feitsma hat dêr yn in mail oan it bestjoer nei frege. "Dit is net yn it belang fan de meiwurkers", seit Feitsma. De gemeenten binne benijd nei ferfolchstappen fan de Caparisdireksje.

De rjochter bepaalde earder dat direkteur Sinnema sa gau as mooglik oan it wurk moat yn it bedriuw. Sinnema wie yn maart tegearre mei kollega Klaas Weisenbach skorst.

De nije direkteur Ben Gerrits hie neffens eigen sizzen ûnregelmjittichheden ûntdutsen by de beneaming fan de beide direkteuren. Neffens de rjochter is it yn alle gefallen Sinnema net oan te rekkenjen . Se hiene op syn minst in petear hawwe moatten oer de ûnregelmjittichheden, as dy der al binne. De direksje en de ried fan kommissarissen fan Caparis beriede harren oer de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)