Raymond Gyasi (21) nije spiler foar Cambuur

18 maaie 2016 - 17:59

SC Cambuur hat foar it kommende seizoen in nije spiler oanlutsen. It giet om de 21-jierrige Raymond Gyasi. Hy tekenet in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje op noch in seizoen. Gyasi komt fan de jeugdoplieding fan AZ en hy spile by Roda JC en FC Emmen.

Technysk direkteur Henry van der Vegt fan Cambuur seit dat er bliid is mei de komst fan Raymond Gyasi. Hy hat him neffens Van der Vegt al bewiisd op Jupiler League-nivo en der is romte om noch better te wurden. Haadtrainer Marcel Keizer hat it ôfrûne seizoen al mei Gyasi wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)