Nije skeelerbaan yn Haulerwyk iepene

18 maaie 2016 - 17:17

Yn Haulerwyk is woansdei in nije skeelerbaan foar offisjele wedstriden iepene. Dat diene bûncoach Geert Kuiper fan de KNSB, reedrider Bob de Vries en in pear jeugdleden fan de feriening. De nije piste is oardel meter breder as de âlde. Ek is der nij asfalt oanlein en stiet der in nije boarding om de baan hinne.

In grutte groep frijwilligers hat him ynset om de baan oan te passen oan de hjoeddeistige easken fan de KNSB.

Woansdeitejûn is op de nije skeelerbaan in lanlike wedstriid foar senioaren. Dan komme lanlike toppers lykas Ronald en Michel Mulder, Mark Horsten, Elma de Vries en Manon Kamminga oan de start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)