FC Twente degradearret, Cambuur mei hoop hâlde

18 maaie 2016 - 17:09

FC Twente is degradearre. Dat makke de KNVB woansdei bekend. De Tukkers meie net mear meidwaan yn de earedifyzje omdat se yn finansjeel swier waar sitte. De proflisinsje bliuwt wol behâlden foar de Tukkers. Se moatte takom seizoen fierder yn de Jupiler League.

Foar Cambuur betsjut it dat de Ljouwerters dochs noch in lytse kâns hawwe om yn de earedifyzje te bliuwen.  

De Ljouwerters moatte dan hoopje dat Willem II en De Graafschap beide harren play-off-duel tsjin NAC Breda en Go Ahead Eagles winne. By dat senario soenen de Ljouwerters yn byld komme om it earedifyzjeplak fan FC Twente oer te nimmen.

Senario SC Cambuur

De KNVB hat op 29 april dúdlik makke wat der barre sil, as FC Twente it earedifyzjeplak kwytrekket:

* Wannear't Willem II, dat as 16e einige, útskeakele wurdt yn de play-off om promoasje/degradaasje (tsjin NAC Breda), dan sil dit team it plak fan FC Twente ynnimme foar takom seizoen.

* Wannear't De Graafschap, dat as 17e einige, útskeakele wurdt yn de play-off om promoasje/degradaasje (tsjin Go Ahead Eagles), dan sil dit team it plak fan FC Twente ynnimme foar takom seizoen.

* Wannear't Willem II en De Graafschap harren play-off om promoasje/degradaasje beide winne, dan nimt SC Cambuur, dat as 18e einige, it plak fan FC Twente yn foar takom seizoen.

KNVB: "Ynlûke lisinsje te swiere straf"

De KNVB meldt dat se it ôfnimmen fan de proflisinsje in te swiere straf fûnen: "Op basis van al het goede werk van het afgelopen half jaar, vindt de commissie dat echter disproportioneel zwaar. Daarom wil de licentiecommissie de licentie intrekken, waardoor het recht op spelen van betaald voetbal vervalt. Daarna wil de commissie FC Twente echter direct een nieuwe licentie verlenen, omdat de club schoon schip maakte. Met die nieuwe licentie stroomt FC Twente dan in op het laagste profniveau en dat is de Jupiler League," sa seit de KNVB.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Twente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)