Wurk oan nij busstasjon yn Drachten úteinset

Yn Drachten is woansdei úteinsetten mei de oanlis fan in nij busstasjon. De acht halteperrons plus beplanting dêromhinne komme op en om it eardere parkearterrein fan hotel Van der Valk. Tagelyk krijt de dyk dêr twa turborotondes.
Mei it bouprojekt fan sawat 5 miljoen euro moat ferkear better trochstreame en Drachten better berikber wurde. It busstasjon oan it Van Knobelsdorffplein sil lytser wurde.
Dat busreizgers dy't wachtsje moatte, aanst net mear like fluch yn de winkels yn it sintrum komme, fine gemeente en provinsje minder belangryk as in goede ferbining.
Foar in feilige trochstreaming fan it ferkear komt der in tydlike ovale rotonde. It advys is wol om Drachten salang yn te gean fia Drachten-Noard of Drachten-A7. As it wurk klear is, ride der mear bussen oer de strjitte Ureterpvallaat. Lûdsoerlêst wurdt oanpakt troch beammen en strûken te plantsjen en stil beton te brûken.