Ynwenners Achtkarspelen moatte sels iepenbier grien meane

18 maaie 2016 - 16:12

De gemeente Achtkarspelen siket ynwenners dy't iepenbiere gersfjildsjes yn 'e buert ûnderhâlde wolle. It giet om fjildsjes yn de doarpen Bûtenpost, Koatstertille, Surhústerfean, De Harkema, Stynsgea en Surhuzum. De gemeente sil de fjildsjes fanwegen besunigings minder faak meane. Se feroarje yn ferwyldere stikken grien. Ynwenners dy't dat net wolle, wurdt frege sels te meanen.

Op de webside fan Achtkarspelen stiet om hokker stikken grien it krekt giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)