Man út Veendam feroardiele fanwege misbrûk minderjierrigen

In ynwenner fan Veendam is troch de rjochtbank fan Grins feroardiele fanwege seksuele fergripen mei minderjierrigen, ûnder oare yn Drachten en Ljouwert. De 46-jierrige man liet jonge bern syn geslachtsdiel sjen en siet ek oan harren. Neffens de rjochtbank binne alle saken bewiisd. De man moat dêrom twa jier de sel yn, ek hat er tbs oplein krigen en moat er him behannelje litte.
Ek moat de man in âlde straf fan in healjier útsitte. De Veendammer wie sels net by de útspraak oanwêzich. Dat jildt ek foar syn advokaat.