Kommissarissen Caparis oerlizze oer nije situaasje

18 maaie 2016 - 13:43

It bestjoer fan Caparis sil him woansdei beriede op de situaasje nei de útspraak fan de rjochter. Dy hat bepaald dat direkteur Tjerk Sinnema sa gau as mooglik oan it wurk moat yn it bedriuw.

Sinnema wie yn maart tegearre mei kollega Klaas Weisenbach skorst. De nije direkteur Ben Gerrits hie neffens eigen sizzen ûnregelmjittichheden ûntdutsen by de beneaming fan de direkteuren. De rjochter hat sein dat it yn alle gefallen Sinnema net oan te rekkenjen is en dat se op syn minst in petear hawwe moatte hiene.

De ried fan kommissarissen en de direksje sille woansdeitemiddei beprate hoe't se mei de nije situaasje oan moatte en oft in heger berop mooglik is. Fierders wolle se op dit stuit noch gjin ynhâldlik kommentaar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)