Bussjauffeur rydt gefaarlike autorider klem by Stiens

18 maaie 2016 - 12:49

De sjauffeur fan in streekbus fan Arriva hat tiisdeitemiddei in automobilist (33) út Den Haach op de N393 by Stiens klemriden. De automobilist wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs en ried hiel gefaarlik. De auto slingere en rekke in pear kear hast fan de dyk.

De bussjauffeur belle de plysje, mar seach by de rotonde syn kâns om de autobestjoerder klem te riden. Der is in bloedproef fan de automobilist ôfnaam en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
bussjauffeur autorider klem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)