Plysje Noard-Nederlân minder faak siik as gemiddeld

Grutte plysjekontrôle © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It syktefersom by de plysje Noard-Nederlân leit ûnder it lanlik gemiddelde. Dat stiet yn it jierferslach, dat woansdei presintearre is. Yn Noard-Nederlân kaam it syktefersom op 6,4 persint, lanlik wie dat ferline jier 6,8 persint. It finansjele resultaat fan de nasjonale plysje wurdt 'soarchlik' neamd. Oer 2015 is der in tekoart fan 72 miljoen, en ek binne de oplossingspersintaazjes fan wenningynbraken en strjitrôven net helle.
Wat fierder opfalt is de leeftydsopbou fan de plysje: de leeftiidskategory 55-59 jier is fierwei de grutste.