6500 dielnimmers oan Loop Leeuwarden

18 maaie 2016 - 11:01

De 10e edysje fan Loop Leeuwarden dy't kommend wykein hâlden wurdt, hat mei 6500 dielnimmers in rekôr te pakken. De jubileumedysje hat guon saken feroare. Sa binne start en finish foar it earst op it Saailân. Derneist stiet der sneontejûn foar it earst in Nightrun op it programma.

Oare ûnderdielen binne kuiertochten, in kidsrun en in heale maraton. It rinevenemint begûn yn 2007 ûnder de namme Marathon van Leeuwarden, mar wizige dat yn 2010 yn Loop Leeuwarden.

Trefwurden: 
Loop Leeuwarden hurdrinne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)