Harns wol wurk meitsje fan smoargens troch skippers

18 maaie 2016 - 10:10

De gemeente Harns wol mei de haventsjinst en de fiskerij wurk meitsje fan de smoargens dy’t troch skippers oerboard smiten wurdt. De ôfrûne wike hawwe se ôfspraken makke oer it oprêden fan it ôffal en it ferwurkjen dêrfan.

It ôffal wurdt as in grut probleem sjoen. Dêrom hat de gemeente no as earste maatregel twa ekstra ôffalkonteners yn de haven pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)