Nij brêgedek Alphen aan den Rijn wurdt pleatst

It brêgedek fan de Koningin Julianabrug yn Alphen aan den Rijn © ANP
Yn Alphen aan den Rijn binne se woansdei begûn mei it pleatsen fan it nije brêgedek fan de Keningin Julianabrêge. Ferline jier giet it pleatsen fan it brêgedek fan BSB Staalbouw yn Sumar hielendal mis. De twa grutte kranen op driuwende platfoarms foelen om en namen it swiere brêgedek mei yn harren fal. De skea wie enoarm, mar der rekken mar in pear minsken licht ferwûne.
Neffens wethâlder Tseard Hoekstra wurdt it brêgedek no op oare wize pleatst. De hiele proseduere is trochrekkene troch TU Delft en moat diskear sûnder problemen ferrinne.
BSB Staalbouw hat ek de nije Oosterpoortsbrêge foar de stêd Frjentsjer boud. Dy brêge wurdt woansdei oer it wetter nei Frjentsjer brocht. Dy brêge wurdt tongersdei mei help fan in hege kraan te plak lein.