Skoalbern Littenseradiel op 'swimleswerhelling'

In groep fan 125 skoalbern fan de boppebou fan fiif skoallen yn Littenseradiel giet de kommende tiid op werhelling mei swimles. It is in inisjatyf fan Buertsportwurk en swimbad De Klomp yn Wommels.
It doel fan it projekt ''Fit en Feilich yn it wetter'' is dat de bern op 'e nij feardichheden oanleare dy't se earder mei swimles krigen en mooglik fergetten binne. Neffens buertsportcoach Lammert Harkema binne de lessen ûnder skoaltiid in goeie ferfanging fan it eardere skoalswimmen.