Pieter van Vollenhoven jout lêzing yn Huzumer tsjerke

17 maaie 2016 - 21:16

Pieter van Vollenhoven jout op 2 juny yn de tsjerke fan Huzum yn Ljouwert in lêzing mei as titel 'Het moet uit zijn met het gesjoemel met regels!'. It giet dan oer de spanning tusken ekonomy en feiligens.

Van Vollenhoven is heechlearaar risikomanagement oan de universiteit fan Twente en wie earder foarsitter fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid. Nei syn lêzing is der in diskusje mei it publyk ûnder lieding fan Magda Berndsen. 

Van Vollenhoven is ek belutsen by it tema 'herbestimming fan monuminten' en dat wie foar him ek in reden om in lêzing te jaan yn it âldste monumint fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)