Kuorbalklup De Hoeve krijt 10.000 euro foar keunstgersfjild

17 maaie 2016 - 18:36

De kuorbalklup fan De Hoeve krijt 10.000 euro fan de provinsje foar de oanlis fan in keunstgersfjild. De kuorbalferiening spilet al jierren op it heechste lanlike nivo, mar it fjild wurdt geregeld ôfkard omdat it net oan de easken foldocht.

Stichting doarpshûs De Hoeve leit dêrom in keunstgersfjild oan dat ek foar oare doelen brûkt wurde kin, lykas de jierlikse folksspultsjes en muzykeveneminten. De folsleine ynvestearring is goed 58.000 euro.

De provinsjale subsydzje komt út it Iepen Mienskipsfûns, dat dit jier 1,2 miljoen euro ferdielt oer projekten dy't de leefberens yn doarp of regio ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)