Arjen de Jong (19) by jongste skûtsjeskippers fan IFKS

Arjen de Jong is 19 jier en dêrmei kommend seizoen ien fan de jongste skûtsjesipper fan de IFKS. Hy hat it helmhout fan it skûtsje Grytsje Obes (GO) út Koudum oernaam fan syn heit Romke de Jong. "Dy hie syn nocht der wat fan. Hy hie de motivaasje net mear," seit Arjen dêr oer, "En myn broerke, myn suske en ik, wy waarden hieltyd fanatiker."
"Op in snein wiene we oan it valkjesilen. Ik waard earste, en doe sei heit: Meist it wol oernimme. Ik ha der hûndert persint fertrouwen yn. Doch it mar." Arjen de Jong wie al fokkenist op de Grytsje Obes.
Hy fart al fiif jier mei by de IFKS. Dit jier start er yn de C-klasse. Dat moat as je nij begjinne.
Hieltyd fanatiker
De earste proef foar de nije skipper wiene de sylwedstriden fan Lemmer Ahoy, mei Himelfeart. De Grytsje Obes is doe sânde wurden. "We ha it goed dien," seit Arjen, "En sûnt dat wykein tink ik eins allinne noch mar oan it skûtsje. Ik bin sûnt dy wedstriden noch fanatiker wurden. It leafst wol ik alle dagen de mar op, om te trainen."
As je Arjen freegje oft er it ek spannend fynt oan it helmhout, dan moat er dêr even oer neitinke. Mar hy seit nee. "Ik doch it tegearre mei myn omke, Lieuwe de Jong, dat it falt wol wat ta. Mar der komt sa no en dan wol wat druk op myn skouders."
Dreech as lieder
"Ik fyn it soms wol wat dreech om as lieder op te treden. Je moatte wol as skipper oerkomme. Ik ha in jonge bemanning. Maten fan my. Dy fine it leuk, en ha in protte tiid om te trainen. Mar se kinne sa sizze: 'Wat moatsto no? Bist noch mar 19 jier!' Dat is soms wol wat lestich ast sa jong bist. Mar dêrom is myn omke ek mei. Dy stipet my dêr ek yn."
"By Lemmer Ahoy ha wy ek wat skea makke by in oar. Hiel spitich. Dat is fersekeringswurk. En de Jonge Jan hie in hurde oanfarring mei de Yde. As je sokke botsingen sjogge, dan ha je wol yn de gaten dat it skûtsjesilen wol gefaarlik is. Mei sokke hurde wyn hoopje ik dat ik sokke fouten net meitsje."
Sykje nei sponsoaren
In skûtsje is net goedkeap. Dêrom is Arjen noch drok oan it sykjen nei sponsoaren. It skûtsje stiet bekend as it skip fan De Kuilart, mar Arjen wol it hiele doarp Koudum der by belûke. "Ik bin ek noch studint en ik moat it allegearre mar betelje. Dêrfoar bin ik noch drok op syk nei sponsoaren."
Arjen hat der "in allemachtich soad sin oan". Hy sjocht it as in learjier, mar syn ferwachtingen binne der net minder heech om. "As we by de earste 3, 4 komme, dat soe hielendal geweldich wêze. Mar miskien falt it wol ôf. Dat kin ek."