Apps fan Omrop Fryslân krije flinke update

17 maaie 2016 - 15:41

De app fan Omrop Fryslân hat in flinke facelift krige. Fan tiisdei ôf is der in grutte update beskikber foar de Android- en iOS-apps. Wat fuortdaliks opfalt is dat de foarmjouwing folslein feroare is. Mar like nijsgjirrich binne de nije funksjes, dy't yn de app sitte.

De fertroude ûnderdielen, lykas nijs, waar, live radio en tv en útstjoering mist, binne ek yn de fernijde omropapp te finen. Nij is dat de brûker him abonnearje kin op sels keazen ûnderwerpen, út it eigen plak of de favorite sportklup bygelyks. Dêr kinst ek in persoanlike melding fan krije. Boppedat is it no mooglik om oersjoch fan it nijs te sjen út in bepaald plak of regio. Dat jildt ek foar plakken bûten Fryslân.

Nij plak foar audio en fideo

Yn de âlde app stiene fideo- en audiofragminten noch hielendal ûnderoan in nijsartikel. No binne audio en fideo fuort boppeyn te finen by de ôfbyldingen en sa makliker te finen. Ek net ûnbelangryk is dat der tenei fia de app socht wurde kin yn it nijsargyf.

It menu fan de tabletapp is tenei ûnder in knop te finen, sa as dat al wie by de telefoanapp. Boppedat is de dielfunksje útwreide, nijsartikels kinne no ek dield wurde fia WhatsApp en Facebook Messenger. Ek leuk is dat de melding fan belangryk nijs tenei in eigen lûd hat. Sa witte brûkers fuortendaliks dat de melding fan Omrop Fryslân komt.

De app fernije

Brûkers kinne de omropapp fan no ôf update. Yn de measte gefallen bart dit automatysk. De app kin ek mei de hân fernijd wurde fia de App Store fan Apple of foar Android yn Google Play Store. Ha jo de Omrop Fryslân-app noch net? Download him dan no yn de App Store of yn Google Play Store.

Trefwurden: 
app Omrop Fryslân update
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)