Europa Kinderhulp siket driuwend nei útfanhûzersadressen

De organisaasje Europa Kinderhulp hat driuwend ferlet fan útfanhûzersadressen foar bern út kânsearme gesinnen. Yn oare jierren wiene der altiten genôch opfangadressen foar de bern, dy't sa in moaie fakânsje krije.
Mar dit jier rint it tal oanmeldingen flink achter by wêr't ferlet fan is. Europa Kinderhulp soarget der al mear as fyftich jier foar dat (kâns)earme bern út Nederlân, Frankryk, België en Dútslân in pear wiken útfanhûs kinne.
It giet om bern dy't it thús dreech hawwe, omdat der bygelyks hast gjin jild is, of omdat se helpe moatte yn de húshâlding of by it fersoargjen fan bruorkes en suskes. Europa Kinderhulp siket gesinnen dy't fan 't simmer in pear wiken de romte hawwe om in bern opfange te kinnen.
Wa't belangstelling hat, kin in mail stjoere nei friesland@europakinderhulp.nl of belje mei Joke de Vries fan de organisaasje op 0518 - 84 19 42.