Plysje siket Audi-sjauffeur dy't motorrider ôfsnien hat

17 maaie 2016 - 11:58

De plysje yn Ljouwert siket de bestjoerder fan in swarte Audi, dy't moandei oan de ein fan de middei op de krusing fan de Fahrenheitwei en de Slauerhoffwei in motorrider omfier ried en dêrnei útnaaide. De motorrider woe rjochtsôf slaan de Fahrenheitwei op, mar waard ôfsnien troch de Audi.

Dy stie op de baan foar linksôf, mar sloech op it lêste momint ek rjochtsôf. Derby kaam de motorrider te fallen. De autobestjoerder ried dêrnei troch. Neffens tsjûgen giet it om in Audi A6 of A8.

De plysje siket mear tsjûgen fan it ûngelok om de bestjoerder fan de Audi te achterheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)