Skippers stypje ûndersyk nei gefolgen wynmûnepark Iselmar

17 maaie 2016 - 10:19

De feriening fan de beropsskippers fan de sjarterfeart ropt syn leden op om mei te helpen de fergunnings foar it wynmûnepark yn de Iselmar goed troch te lêzen. De nautyske kunde fan de skippers moat helpe om de gefolgen fan de komst fan de mûnen yn de Iselmar goed yn te skatten.

De skippersferiening stipet dêrmei it inisjatyf fan de Iselmarferiening dy't in eigen ûndersyk ynstelle wol nei de gefolgen fan it wynmûnepark. De útkomsten hjirfan moatte de beswieren fan de Iselmarferiening tsjin de komst fan it wynmûnepark stypje.

De beropsskippers wolle ek in finansjele bydrage leverje oan it ûndersyk, dat tusken de 50.000 en 70.000 euro kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)