Waaksma ferfiert fan tiisdei ôf alle kliïnten fan Alliade

17 maaie 2016 - 07:07

Taksy Waaksma ferfiert fan tiisdei ôf alle kliïnten fan soarchgroep Alliade op It Hearrenfean. Waaksma nimt de ritten fan Taxi Klomp oer. Dat bedriuw waard in pear wiken lyn fallyt ferklearre.

Waaksma besiket safolle mooglik deselde sjauffeurs ride te litten. Slagget dat net, dan krije de kliïnten earst in petear om yn de kunde te kommen mei de nije taksybestjoerder. Waaksma die ûnder Klomp al de helte fan it ferfier fan Alliade, om't Klomp sels net genôch sjauffeurs hie.

Om al it ferfier goed regelje te kinnen, wol Waaksma it wurk fan heal augustus ôf ek foar in part útbesteegje oan oare taksybedriuwen yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)