UPDATE: Brânwachtman rekket ferwûne by brân pleats Surhuzum

17 maaie 2016 - 06:09

By bluswurksumheden by in brân yn in pleats oan it Súd yn Surhuzum is tiisdeitemoarn in brânwachtman ferwûne rekke. Hy foel fan twa meter hichte fan de souder. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De brân ûntstie yn it reiden tek fan de pleats. Om de brân te bestriden is ek de heechwurker fan it korps fan Drachten ynset. Om by it fjoer komme te kinnen helle de brânwacht in part fan it reid fan it dak ôf. Dêrnei wie it fjoer gau ûnder kontrôle. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)