Fryske flitspeallen flitse 34 kear per dei

Flitspeal yn Ljouwert © Kappers Media
It tal flitspeallen yn Nederlân is foar de helte ôfnaam. Dat meldt RTL Nieuws. Der stean no 640 flitspeallen yn it lân, wylst dat der yn 2011 noch 1.400 wiene. Yn Fryslân stean twa flitspeallen dy't aktyf binne. Ien yn Ljouwert en ien yn Drachten.
Dizze twa Fryske flitspeallen wiene yn 2015 goed foar 12.500 boetes. Dit betsjut dat yn Fryslân alle dagen 34 kear in auto flitst wurdt.