Kâldste Pinkster sûnt 1951

Dizze temperatueren sille we mei de Pinkster net belibje © Omrop Fryslân
De ôfrûne twa dagen wiene de kâldste pinksterdagen sûnt 1951. Dat meldt waartsjinst Weeronline. Op pinkstersnein kaam de temperatuer út op 12,1 graden en op pinkstermoandei waard it 13,6 graden. De gemiddelde temperatuer oer beide dagen wie dêrmei 12,9. Sûnt it begjin fan de waarmjittingen hat it mar fiif kear kâlder west mei Pinkster.
Snein wie sels de op ien na kâldste pinkstersnein ea. Allinnich yn 1936 wie it mei 11,6 graden noch frisser.
De waarmste Pinkster ea wie yn 1903. Beide pinksterdagen waard it tropysk waarm mei 30,2 en 30,3 graden.