Min waar en rein, mar Foodtruckfestival Ljouwert is súkses

De ûndernimmers fan Foodtruckfestival Big Taste yn it sintrum fan Ljouwert binne tefreden oer de publike belangstelling en oer de omset fan dit wykein, seker as je rekken hâlde mei it frisse en bytiden ek wiete waar.
It Foodtruckfestival stie it ôfrûne pinksterwykein fjouwer dagen by de Aldehou mei ûnder oare feganistysk iis, hânmakke sushy, smoothies, Yndonezysk iten, mar fansels ek patat en hamburgers. Oan it festival diene ek ferskate ûndernimmers út Fryslân mei.
Organisaasje wol weromkomme
Foarsitter Dick ten Oever fan it Foodtruckfestival is posityf oer Ljouwert en wol takommend jier graach weromkomme. Foodtrucks binne de lêste jierren tige populêr wurden foar de catering by muzykfestivals, wêrby't se stribje nei 'ferantwurde en farsk' iten. No't it publyk oan de formule wend is, organisearje se ek har eigen festivals. Ein augustus komt it foodtruckfestival nei Snits.